Audysjedei foar produksje 2015

Yn 2015 spilet Iepenloftspul Dronryp  it stik ‘Twifel’.  Jan Arendz en Marijke Geertsma hawwe foar de nije produksje  it toanielstik en de film ‘Doubt’ fan John Patrick Shanley oerset en bewurke. Sy dogge  ek de rezjy fan it stik. It stik ‘Twifel’ hat in protte kanten en giet oer in non dy’t in priester beskuldiget fan it misbrûken fan in jonge jonge. Mar is it wol sa? De twifel slacht ta.

Op sneon 1 novimber hâldt Iepenloftspul Dronryp in audysjedei foar ‘Twifel’. De audysjedei sil bestean út in persoanlik petear, it lêzen fan in stik tekst en it spyljen fan in stikje tekst. Ek is der gelegenheid om eventueel spesifike kwaliteiten sjen te litten.

Elk is fan herte wolkom om audysje te dwaan. Yn it bysûnder wurdt der socht nei jongeren, sawol jonges as famkes, yn de leeftyd fan 14 oant en mei 20 jier. Der wurdt besocht om de spilers safolle mooglik út Dronryp en omkriten komme te litten. Mar ek minsken dy’t net út dizze regio komme, kinne harren opjaan foar dizze audysjedei. Uteinlik giet it der om dat de meast gaadlike persoanen de rollen spylje.

Oanmelde foar de audysje kin troch it oanmeldformulier yn te foljen.
Klik hjirre. Minsken dy’t achter de skermen mei helpe wolle, kinne dit oanmeldformulier ek ynfolje.

It formulier kin opstjoerd wurde fia de mail of post.
Opjaan foar de audysjedei kin oant woansdei 29 oktober.

De audysjes fine plak yn it Parochiehuis oan de Dûbelestreek 12 yn Dronryp. Nei oanmelding wurdt der in útnoeging stjoerd mei dêrop it tiidstip fan jo audysje.

Hast noch fragen?
Belje dan mei foarsitter Oebele Harmsma, till. 06 – 12 16 76 05

Iepenloftspul Dronryp hâldt ynformaasjejûn oer it stik ‘Twifel’

Foar it Iepenloftspuljier 2015 binne de regisseurs en it stik bekend. No binne wy noch op syk nei dy…

Dielnimmers
Yn 2015 sil it stik ‘Twifel’ spile wurde. It stik is in oersetting en bewurking fan de film en it toanielstik ‘Doubt’ fan John Patrick Shanley en spilet him ôf yn it Katholike fermidden. Foar it stik sykje wy akteurs en aktrises fan alle leeftiden foar sawol dragende as lytsere rollen. Elkenien hat tekst. Yn it bysûnder sykje wy jongeren, sawol jonges as famkes, yn de leeftyd fan 14 oant en mei 20 jier. Jongeren dy’t wat spesifyks kinne (bygelyks bewege as Michael Jackson of dûnsje as Tina Turner of……) kinne harren ek oanmelde. Goed sjonge kinne is gjin must.

Rezjy
By de regisseursaudysje yn jannewaris 2013 is keazen foar Jan Arendz en Marijke Geertsma. Sy stelden út om foar it iepenloftspul de film en it tonielstik ‘Doubt’ te bewurkjen. Jan en Marijke binne al rom 40 jier aktyf yn de Fryske toanielwrâld, wêrfan 38 jier by Tryater. Dit seizoen binne sy mei “IT JUBILEUM” fan J&Mteaterwurk rûnom yn de provinsje te sjen. Yn 2016 komme sy út mei in foarstelling  yn de tsjerke fan Jorwert. Njonken it sels spyljen, regissearje Jan en Marijke ek. Fierder binne sy drok dwaande mei it bewurkjen, oersetten en skriuwen fan stikken.

Ynformaasjejûn
Jan en Marijke sille op freedtejûn 26 septimber, om 20.00 oere yn kafee de Posthoorn yn Dronryp, ynformaasje jaan oer it stik ‘Twifel’ en de rollen dy’t sy foar eagen ha. Elk dy’t nijsgjirrich is, is fan herte wolkom. Op de ynformaasjejûn is it ek mooglik om dy al op te jaan foar de audysjedei yn novimber. Ek achter de skermen binne minsken nedich. Wy sykje bygelyks minsken foar de bouploech, technyk en ljocht, katering ensfh.  Ek sykje wy noch minsken foar de kommisje.

Audysje
Op sneon 1 novimber binne de audysjes foar de minsken dy’t har opjûn hawwe.

De ynformaasjejûn fynt plak op freed 26 septimber, 20.00 oere yn kafee de Posthoorn, Brêgebuorren  10, Dronryp.

Hast noch fragen? Belje dan mei foarsitter Oebele Harmsma,
till. 06 – 12 16 76 05

Nije stik 2015

_MG_9547 ILS Dronryp

IEPENLOFTSPUL DRONRYP SPILET ‘TWIFEL’ YN 2015

DRONRYP – Tidens it suksesfolle benefietconcert “Oxxpop giet Iepenloft” op sneon 21 juny, is it op te fieren stik foar it Iepenloftspul Dronryp 2015 bekend makke. 

Yn 2013 waard troch de kommisje fan it Iepenloftspul Dronryp besletten om yn 2014 gjin stik op de planken te setten fanwege weromrinnende besikersoantallen en ynkomsten. De frijkommen tiid is troch de kommisje brûkt om ta besinning te kommen en te brainstoarmjenoer de takomst fan it Iepenloftspul Dronryp. Ûnderwilens hat de kommisje alle war dien om der foar te soarchjen dat der yn 2015 wer in stik yn it iepenloft fan Dronryp spile wurde kin.

Op sneontejûn 21 juny hat op it fjild fan it Iepenloftspul Dronryp in benefytkonsert plakfûn, organisearre troch stifting OXXPOP Dronryp, foar en yn gearwurking mei it Iepenloftspul Dronryp. Dizze jûn hie as doel om jild yn te sameljen foar Iepenloftspul Dronryp. Tidens dizze jûn is ek it stik bekendmakke foar 2015.

It stik hjit ‘Twifel’ en is in oersetting en bewurking fan de film en it toanielstik ‘Doubt’ fan John Patrick Shanley. It stik spilet him ôf yn it Katholike fermidden.
As in jonge non trochskimerje lit oan har meardere- in âldere non-, dat in priester wol wat folle oandacht hat foar ien spesiale jonge op skoalle, slacht de twifel ta. De bewurking en rezy is yn hannen fan Marijke Geertsma  en Jan Arendz.
Der sil nau gearwurke wurde mei it frouljuskoar FromUs út Dronryp. Ek wurdt der besocht om de spilers safolle mooglik út Dronryp en omkriten komme te litten.

De kommisje en de regisseurs binne al begûn mei it tarieden fan dizze nye produksje en hoopje dat mannich minske Dronryp wer besykje sil foar it Iepenloftspul yn 2015!

Sit nimme yn ús kommisje?

Giet it Iepenloftspul Dronryp jo oan it hert en wolle jo hjir wat mei ?Dan is in sit yn it bestjoer fan de Stichting Iepenloftspul Dronryp in moaie útdaging!

Wy sykje enthousiaste minsken dy in sit nimme wolle yn ús kommisje.

Neffens ús statuten kinne bestjoersleden net te lang sitten bliuwe en is der sa no en dan ferlet fan nije minsken. Lyk as op dit stuit en derom dogge wy in oprop om hjir kandidaten foar te finen.

As it jo sels net past mar faaks ien witte dy dit hiel skoan dwaan kin dan hearre wy dat ek graach fan jo.

It Iepenloftspul kin net sûnder spilers mar ek net sûnder bestjoerders.

Liket it jo wat, as wolle jo hjir mear fan witte, nim dan kontakt op mei ús.

Stjoer in mail nei info@iepenloftspuldronryp.nl of skilje nei

Oebele Harmsma
Foarsitter
06-12167605

Fernijde website

Wy hawwe drok oan ‘e gong west om de site wer up-to-date te krijen.
Dit hat de noadige tiid yn beslach nommen, mar jimme kinne no wer rêstich op ‘e strún.
Foaral it foto-argyf is tige nijskjirrich.